Wurkwinkel “Kribelje mei Tomke”

Kribelje mei Tomke

Kribelje mei Tomke is in methode wer bern troch oefeningen yn it oanreitsjen en elkoar massaerje, harsels goed kennen leare en leare elkoar te fertrouwen.

Troch de spultjes en elkoar massaazjes jaan:

  • Leare de bern om foarsichtich mei inoar om te gean.
  • Leare se harren grinzen oan te jaan en de grinzen fan oare bern te respektearjen.
  • Wurkje de bern oan it krijen fan in posityf selsbyld en it lústerje nei elkoar en
  • ha se mei inoar in soad wille.

Sa groeit it selsfertrouwen fan de bern en it ûnderlinge respekt yn de groep.

Der is in grutte kâns dat pestgedrach dêrtroch ôfnimt, en dat is fansels moai meinommen.

Mei de materialen fan “Kribelje mei Tomke” kinne bern yn de leeftyd fan 0 oant 6 jier yn harren memmetaal, posityf oan ’e slach mei elkoar oan te reitsjen. Harren freonen Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu dogge it harren foar.

Wêrom oanreitsje
Elk minske hat der yn it libben ferlet fan om in oar oan te reitsjen en om sels oanrekke te wurden. Dochs reitsje wy elkoar hieltyd minder oan. Yn it ferline gong soks eins fansels, om’t de minsken doe faaks mei grutte gesinnen yn lytse kâlde hûzen wennen. Tsjintwurdich is dat hiel oars. Wy libje mei lytsere gesinnen yn komfortabele wenten, rom en waarm. Bern sliepe net mear byelkoar yn ien bêd en binne dan ek net wend om tsjinelkoar oan te krûpen. Net op bêd en likemin foar de koalekachel.

Koartsein, it is eins net mear sa dat wy elkoar samar oanreitsje. Wylst it taboe ek nochris oan alle kanten tanimt op sawol it oanreitsjen as ek it fysyk kontakt, by berne-opfang, pjutteboartersplak en yn it ûnderwiis. Troch tryste gefallen fan misbrûk komt it oanreitsjen negatyf yn de publisiteit.

Foar my alle reden om de positive kanten fan oanreitsjen foar it fuotljocht te bringen. Dat doch ik troch it jaan fan massages en Access Bars behandelingen oan individuen. Fjierder jou ik trainings “onderlinge kindermassage” oan ûnderwizers yn it basisûnderwiis en oan lied(st)ers fan berneopfang en pjutteboatersplakken. En ik organisearje wurkwinkels “De Kriebelkist” en “Kribelje mei Tomke” foar deselsde groep as foar waat mar belangstelling hat. Foar folwûksenen is er de wurkwinkel “handmassage”.

Materialen Kribelje mei Tomke
Yn de searje “Kribelje mei Tomke” binne de ferskaadte materialen te krijen. Op dit stuit is der:

  • In hantlieding mei in keur oan spultsjes, Fryske lietsjes en opsisferskes mei oanreitselementen,
  • in set Tomke massaazjekaartsjes,
  • in Tomke ferhalenboekje
  • in oersjoch mei ferskaadte massaazjegrepen en
  • in Ried-de-foarm kaart

Wurkwinkel Kribelje mei Tomke
Wolst mear witte oer hoest oanreitsspultsjes en massaazjeferhaaltjes en -ferskes brûke kinst yn dyn groep? Boek in wurkwinkel!

Sa’n 2,5 oere nim ik dy mei yn de wrâld fan “Kribelje mei Tomke”. We geane dan

  • sjen nei de teory efter oanreitsje
  • sels spultsjes, massaazjeferhalen en -oefenings dwaan.
  • in ferskaat oan materialen op it mêt fan oanreitsjen besjen en útprobearjen.

Nei dizze wurkwinkel wist hoest oan de slach kinst mei “Kribelje mei Tomke” yn dyn eigen groep.

Koartom in leuke, praktyske, learsume wurkwinkel wêr ast grif hielendal ûntspant fan thús komst!

Mear witte oer wat Kribelje mei Tomke foar dy en dyn groep betsjutte kin? Sjoch op de pagina prijzen en mogelijkheden as nim kontakt op.